eigen bin ik dy net langer frjemd
omjûn ûntjûn opjûn troch dy
mei wa’t it dik oan is
mei wa’t ik troch it libben gean
mei wa’t ik troch it libben moat
bin ik oars
oars bin ik mei dy
oars en neaken
eigen bin ik dy
ûntsifere besifere
opnaam dield
eigen
net langer frjemd
beam fiich en blêd
binne wy
bleat yn ús genedige feltsjes fan ljocht
strûpt troch hoechsto my
ik dy besjoch
op in swart bêd lykje ik wyt
yn in swart hok
kom ik los
bliuw ik net langer skraal en lyts
neaken bin ik
mei dy is ik
in oar nei
wa’t ik sjen kin
eigen ben ik jou niet langer vreemd
omgeven ontgeven opgegeven door jou
met wie het dik aan is
met wie ik door het leven ga
met wie ik door het leven moet
ben ik anders
anders ben ik met jou
anders en naakt
eigen ben ik jou
ontcijferd becijferd
opgenomen gedeeld
eigen
niet langer vreemd
boom vijg en blad
zijn wij
bloot in onze genadige huiden van licht
gestroopt door hoe jij mij
ik jou bezie
op een zwart bed lijk ik wit
in een zwart hok
kom ik los
blijf ik niet langer schriel en klein
naakt ben ik
met jou is ik
een ander die
ik kan bezien