Dizze frou hat dy droegen, dy berne, dy oan it boarst hân. Dyn ruften hat sy
wosken, oan de line hongen en strutsen yn ’e kast lein. Dizze frou hat dy
opwachte ast út skoalle wei kaamst, iten foar dy makke en dy op bêd brocht
mei in ferhaaltsje.
In plak rauwe koalraap lei sy foar dy klear, foar ast tusken de middei thús
kaamst, omdatst dat sa lekker fûnst. Se hat bûljon makke op it petroaljestel dat op it graniten oanrjocht stie en keek bakt yn ’e wûnderpanne. Dy skikte se de skaal ta mei it swiete mingsel fan bûter, sûker, moal en aaien om út te slikjen. Alle freden makke dizze frou skylfisk ta, alle sneonen brune beannen mei spek en augurkjes en alle sneinen sette sy hin, patat en appelsmots op tafel. Alle dagen hat se dy in board sûpenmoallen- of rizenbrij jûn en by’t winter in lepfol levertraan. Dizze frou hat in panne ûnder it knyn set dat yn de kelder hong, om it bloed op te fangen, yn septimber makke sy smots fan de appels fan de beam yn ’e tún by it achterhûs en bewarre dy yn ’e kelder dêr’t lange rigen wekflessen stienen op planken, bedutsen mei kastpapier.
Dizze frou hat de sinken tobbe yn it gers set en dy fol dien mei wetter, in pear amers mei kâld en ien mei waarm wetter. It swiere reade kleed mei de rânen fan tou en de nestelringen deryn, oait brûkt om de lading fan in skip ôf te dekken, hat sy oer it linnenrak hongen en se hat dy tee brocht, foar dyn
porsleinen berneservys. Dizze frou hat dy Ljouwert sjen litten, klean mei dy
kocht en dy traktearre op sinas en gebak, op de boppeferdjipping fan Vroom & Dreesman. Dizze frou hat dy streake en tute en dy ûnder de fuotten kidele, oant’st rôpst: ‘ophâlde, please.’
Tegearre mei har hast de tekkens útkloppe oant de earms dy der sear fan
dienen en der gjin wolkens stof mear út kamen. En omdatsto altiten wol in
ekskús betochtst – nei it húske of húswurk meitsje – die dizze frou de ôfwask allinne. Sokken hat sy foar dy breide, jurken foar dy naaid en petiterich lytse pyama’s foar dyn bear. Sy hat dy it stek opsetten bybrocht en dy alle jûnen tsien toeren breidzje litten op it ritme fan ‘insteken, omslaan, doorhalen, af laten gaan’.
Dizze frou hat dy warskôge as it stoarme op Sinte-Marten en dy treastge
doe’tst mei de ferbaarnde lampion oan it stokje troch it tsjuster de dyk del
rûnst. Dizze frou hat it snobbersguod yn in grutte blikken trom dien en sein
datst dêr alle dagen wat fan nimme mochtst en doe’t de trom nei twa dagen al leech wie, hat sy der neat fan sein. Alle jierren hat dizze frou de krystbeam
fersierd en de kearskes, echte kearskes, oanstutsen. En wiest net iens jierdei doe’t sy fan de Skoattermerke in plestik boartersding foar dy meinaam, mar ien kear yn it jier stie sy by dyn bêd, it taffelskleed om ’e skouders, in teemûtse op ’e holle en rattele sy mei de leppels op in omkearde panne omdatst der wer in jier by krigen hiest. In biddelketting mei trije biddeltsjes hie sy dy jûn, yn ’e midden in hert mei dêrop in anker en in krús en dy te witten dien dat it leauwe, de hoop en de leafde it wichtichste binne yn in minskelibben.
Dizze frou hat dyn rapporten besjoen, hjir in puntsje mear, dêr in puntsje
minder en dy in gûne jûn. De foto wêrop’tsto, it hier yn twa sturten, de pony in bytsje skeef knipt, de earms oer elkoar, parmantich yn de lins fan de
skoallefotograaf sjochst, hat sy in sulveren list omhinne dien.
Dizze frou hat op de gong fan in sikehûs wachte oant de dokter nei bûten
komme soe en tocht: ‘As ik har mar hâlde mei.’ Se hat dy holden: dizze frou hat dy grutbrocht.