Der wie ris in fûgelflapper dy’t it gelok fange woe. Hy tocht: as it my slagget it
gelok yn myn netten te krijen en yn stikjes te ferpartsjen, dan kin ik it ferkeapje
en wurd ik ryk. En as ik ryk bin, dan bin ik gelokkich, sadat ik sels gjin gelok
mear hoech te keapjen, sadat ik jild oerhâld en noch riker wurd en noch
gelokkiger. En sa streamden syn tinkkronkels oant yn ’e ivichheid fierder.

Der wie ien probleemke, of eins twa: de fûgelflapper wie berne yn in lân dêr’t
gelok offisjeel op ’e swarte list fan dekadinsje stie en dêr’t it wurd ‘ik’ ferbean
wie. Altyd wie der wol wat dat wichtiger wie as gelok of it ik; revolúsje bygelyks: yndustriële revolúsje, wrâldrevolúsje, flewielen revolúsje, nasjonale revolúsje, der kaam gjin ein oan. De fûgelflapper kaam út in famylje fan dissidinten, yndividuen dy’t al desennialang fûgelflapper wurden wienen. Dat berop wie net populêr, it fertsjinne net in soad en de beropsgroep wie sa goed as ûnsichtber yn it sosjale libben. Sa kaam it dat de fûgelflapper sinnen brûke koe dêr’t wol fjouwer kear it wurd ‘ik’ yn foarkaam, sûnder dat er oppakt waard. En sa kaam it ek dat er sokke aparte ideeën hie as besykje it gelok yn syn netten te fangen om it te ferkeapjen.

Sa lang as er libbe, seach de fûgelflapper al dat de minsken net gelokkiger
waarden fan al dy revolúsjes dêr’t se hieltyd foar yn ’t spier moasten. Al die
elkenien it foar de bûtenwrâld útskinen as dienen se neat leaver as mei flaggen
swaaie en troch strjitten marsjearje, har gesichten waarden ûnderwilens griis
en har skouders krûm. Hast net ien dy’t it lûdop doarst te sizzen, heechút
flústerjend yn de lytse keukens fan de lytse wenten dêr’t se yn taholden, mar
de minsken hienen oer it algemien leaver gelok as revolúsje, dat wie foar de
fûgelflapper sa helder as wetter.