‘Fladderje…’ frege de swan oan de flinter, ‘hoe dogge je dat dochs? Dat besykje ik no sa faak.’
Hy stiigde op fan de grûn oan de kant fan de rivier en besocht om te fladderjen, mar it like nergens nei.
‘Tink der mar om,’ sei de flinter. ‘Aanst stoartst noch del.’
Mismoedich gie de swan wer sitten. ‘Ik begryp der neat fan,’ sei er.
‘En dochs is it hiel ienfâldich,’ sei de flinter. Hy fladdere efkes om de swan hinne en gie boppeyn in gersraaike sitten.
De swan liet de holle yn ‘e fearren sakje en seach somber nei de grûn.
‘Moatst earst dyn gedachten fladderje litte, swan,’ sei de flinter. ‘Dan pas dysels.’
De swan swijde. Hy wist net oft er no lilk wurde soe of drôvich of ûnferskillich.
‘Sjoch,’ sei de flinter, ‘je tinke oan hunich, hmm, lekkere hunich, en fuort dêrnei tinke je oan beamskors en dan oan de walrus en dan oan kroas, oan in krukje, oan sân, oan in skjirre, oan roazen, likefolle wat, as je daalk mar wer oan wat oars tinke…’
‘Dat kin ik net,’ sei de swan, waans tinzen altiten foarnaam wienen, as trêden se stadich oer lange leanen en knikten se út en troch âlde oantinkens ta, minlik.
‘Nee,’ sei de flinter. ‘Mar dat kinst wol leare.’
En sa, op dy waarme, wolkleaze dei, oan de kant fan de rivier, krige de swan les fan de flinter. Hy learde om rommelich te wêzen, noait wat wis witte te wollen, oer twa sleatten tagelyk te springen mar ek noait wat oer te slaan.
‘Dit is better as neat,’ sei de flinter. ‘Dát wol. Mar alles is alles.’
‘En neat?’ frege de swan.
‘Dat sei ‘k krekt,’ sei de flinter. ‘Dat is minder as dit.’
Der foelen gatten yn de swan syn gedachten, flarden rekken los en waaiden fuort, en tsjin de ein fan ‘e middei wie gjint fan syn tinzen mear foarnaam of rjocht. Mei grutte eagen seach er om him hinne, syn hert bûnze, en doe’t de flinter him ynienen in triuw joech, sprong er op en fladdere in ein hinne, oant er op ‘e grûn foel.
‘Au,’ sei er. Mar hy lake.
‘Sjochst wol!’ sei de flinter. ‘No kinst miskien noait mear oer de hoarizon ferdwine of boppe de wolken út stige, en miskien silst ek noait mear oerenlang trochfleane kinne. Mar do kinst fladderje!’
De sinne gie krekt ûnder en tegearre fladderen se troch de tinne jûnsdize. Se dûkten ûnder in
hynsteblom troch, makken lussen tusken de tûken fan de wylgebeam en winsken inoar op ’t lêst gelok mei alles.
‘Wat wie alles ek alwer?’ frege de swan, wylst er in skerpe bocht naam en roerlings by in klaproas del skearde.
‘Alles,’ sei de flinter.
‘O ja!’ sei de swan. ‘Hoe koe ‘k dat no ferjitte.’

De mol en de ierdwjirm
fierden feest, midden yn de nacht.
Se sieten djip ûnder de grûn yn in
donker hok en fierden it tsjuster.
Se hienen it oer fertsjustermoanjen,
swarthanneljen en nachtbraken, en
ieten hurde, donkerswarte taart.
Ut en troch hienen se it ek oer wat
freesliks, lykas deiljocht. Dan rillen
se en krûpten stiif tsjininoar oan.
Sa no en dan songen se wat
swartgallichs, om it tsjuster te
ferdjipjen.
Krekt doe’t se in liet oer it donkerste
donker songen, hearden se boppe
harren holle op ‘e grûn klopjen.
‘Binne jim jierdei?’ frege in stim.
Se holden op fan sjongen.
‘Wa is dêr?’ frege de ierdwjirm.
‘De krikel. As jim jierdei binne, mei ik
dan ek komme?’
It wie efkes stil. Doe frege de mol:
‘Twinkelje dyn eagen?’
De krikel fronsele, knypte de eagen
ticht en seach yn gedachten yn in
spegel.
‘Ja,’ sei er doe.
‘Rin dan mar fierder,’ sei de ierdwjirm.
‘Wêrom?’ frege de krikel.
‘Sykje de sinne mar,’ sei de mol. It wie it
slimste wat er oait ien tawinske hie en
de ierdwjirm skodholle ûngemurken.
De krikel gie stean en rûn nei hûs. Syn
eagen twinkelen net, dêr wie er wis fan.
Mar hy gie net werom nei de mol en de ierdwjirm.
‘Eagen binne ûndingen,’ sei de mol,
doe’t se wer allinnich wienen.
De ierdwjirm knikte.
‘As der ljocht is, litte se it dy sjen,’ sei de mol.
‘En as se twinkelje, moatst dy skamje,’ sei
de ierdwjirm.
Se besleaten om harren eagen ticht te
hâlden. Dan wienen se it minst brûkber.
‘Soms kinst ljocht ek rûke,’ sei de
ierdwjirm.
‘Ljocht stjonkt,’ sei de mol.
‘No!’ sei de ierdwjirm.
Se stutsen de noas foar alle wissichheid
ûnder de grûn.
‘Ik hear ljocht,’ sei de mol, doe’t se in
skoftke sa sieten.
‘Ik ek,’ sei de ierdwjirm.
Se propten de earen fol mei ierde en
wrotten de hollen like lang hinne
en wer oant dy hielendal ûnder de
grûn sieten.
Sa sieten se byinoar, mei de hiele holle
ûnder it donkere hol ûnder de grûn.
Ut en troch seinen se noch wat, mar se
hearden inoar net mear.
De taart wie op.
Wat in feest! tochten se.