It sân fan Landmark Beach is wyt. Sa wyt dat it liket as hat immen dêr
withoefolle sekken sâlt leechkipere. De dage is noch krekt net oanbrutsen en it
duorret op syn minst noch twa oeren foar’t it strân iepengiet foar it publyk. Der
is nimmen, de measte hotelgasten sliepe noch. Mmezi hâldt fan de stilte. Se
kuieret it strân del en soe wolle dat se de tiid foar ivich stilsette koe. Se stiet stil
en lit it wetter oer har fuotten streame. Se wol oan neat oars tinke. En oan
gjinien oars. Benammen net oan wat se sa al kwytrekke is. Dêr sil letter noch
genôch tiid foar wêze. Op dit stuit is der oars neat as Mmezi en it paradys dat
dit strân is. En de stilte, dy’t har widzet lyk in memme-earm har bern.

Skulpen glinsterje yn it sân as wiene it edelstiennen. Mmezi bûcht har foaroer
en krijt in skulpke op. Dan noch ien. En noch ien. Al gau hat se in hânfol. De
skulpen binne lyts en wyt en perfekt.
Op de palm fan har hân binne se swierder as se eins wage moatte soene. Dit is
it gewicht fan myn oantinkens, tinkt se by harsels, en foar it earst sûnt se hjir is,
spatte har de triennen yn ’e eagen. Mei de rêch fan ’e hân faget se se fuort. Se
hat altyd fan it strân holden, mar yn België, dêr’t se no wennet, hat se de see
noait sjen wollen. As har kollega’s in tripke nei de kust planne, seit se dat se in
hekel hat oan wetter.