In nije maaie dy’t in nij lûd bringt!
Ik wol, dat dit liet as it floitsjen klinkt
dat ik faak heard ha op in maitydsjûn
bylâns de grêft, dy’t troch ’t âld doarpke rûn.
Yn ’t hûs wie ’t donker, mar de stille strjitte
fergarre skimer. Yn de loft blonk jitte
it lette ljocht; in blank en gouden glinster
niigd’ oer de hûzen nei myn slûge finster.
Dan fluit’ in jong’ as blies in oargelpiip
De klanken trillen yn ’e loft, sa ryp
as jonge kjersen, as de maitydswyn
strykt oer it hôf en set syn strunen yn.
Hy dribl’ oer brêg’ en wâl bylâns it wetter,
hiel stadich dangl’ er. Rûnom rûn ’t gekwetter
bliid sa’t in protter fluitet, dy’t de grûn
fan eigen blidens net ken yn hjeljûn,
Mannich mêd man heard’ oer syn miel dy stim
as wie ’t in âld ferhaal, en glimk’ in glim.
In hân dy’t ’t finster ta die, wifke by
it floitsjen fan dy jong’ ien amerij,
Ik wol dat sà dit liet klinkt; en ik woe
ek dat ien faam myn stim oerstrielje soe
mei mear as ’t glânzjen fan har mylde each.
O lok! Ik fiel har hân en sêfte weach
gean fan har earm. In krâns fan blyn ljocht rize,
en baait myn antlit yn in mylde dize.
Myn lûd baarnt yn my as de giele flamme
fan gas yn glêzen stolp. In ikestamme
ûntbloeit yn twigen; jong leaf oan de rank
sprút út. – Stil! Hark! Dêr klinkt in nije klank:
in jong soldaat stiet ree; yn blau en goud
trompettet oan de poart’ in lûd heraut!