dounsje
op myn wimpers
famke
mar doch it
op bleate fuotten

dyn waermte
sil dy opslute
yn myn eagen
myn flamme
brant
lyk
in wylde dream
oer dy

mei ik dounsje
op dyn lippen
fearje yn dyn leafde

ik haw de sokken al út

de eagen wurde minder
it libben jonger
myn loften wurger
de skuon slite
hieltiten
mear

ik gean op ‘e selde foet fierder