We geane wol faker mei de bus nei pake, mar dit is de earste kear dat ik nei in
begraffenis mei. Ik ha de kreaze klean oan en nije skuon. De linkerskoech makket by
alle stappen in ploplûd. Mem wurdt der sljocht fan. Plop! Plop! Yn de winkel plopte er
noch net sa bot.
Mem ropt tankewol nei de sjauffeur en we stappe út. De sjauffeur stekt de wiisfinger
nei ús op as we foar de bus del rinne en de dyk oerstekke. Earst by omke Wiebe oan,
seit mem. Se stapt flink troch. We komme by de fiver del, en by de einen en de
guozzen. We stopje diskear net. Miskien letter, as we mei de bus werom geane? Nee,
dan ek net. Mem knypt my yn ’e hân. It knisperet, want we ha moffen oan.
Omke Wiebe wennet ûnderoan yn in holle beam. Mem drukt op de bel. Ik mei ek. We
wachtsje. Ik sjoch ús ademwolkjes. Der komt net ien. Ik klepperje mei de brievebus.
Omke Wiebe ropt, no net, ik stean ûnder de dûs! Mem suchtet. Hearsto it wetter
rinnen? Ik stek in ear troch de brievebus. Nee. Mem skoot my oan de kant en ropt. Ik
bin it, dyn sus! It helpt neat. Dan earst troch nei pake.
Pake stiet al klear. Syn skuon glimme. Dy fan mem ek. Hy hat in plakkerke mei bloed
op it kin. Sille we nochris by omke Wiebe sjen? Dy hat no alle gerdinen derfoar. It
binne swarte gerdinen, krekt as ús klean. Mem bellet nochris oan – by it wetter roppe
de einen en de guozzen, wêr bliuwt Hylkje? Wêr bliuwt ús grutte freondinne? Pake
sjocht op syn horloazje. Dan seit er, lit him mar, wy meie opsjitte.
Yn de winkelstrjitte rint in man mei in oranje hesje oer syn dikke jas. Hy hat in mûtse
op, mei in plaatsje fan in woarst. Der binne mear minsken mei hesjes. Se sette hikken
by de dyk del. Tusken it kafee en de bakker spanne se in doek oer de dyk. Op it doek
stiet mei hiele grutte letters EIN / BEGJIN.
Ik set de sokken deryn, draaf ploploploploloploploplop by mem en pake wei – Hylkje
makket harsels los fan de kopgroep! Hylkje is los, dames en hearen, wat kin dat bern
drave! Net earder hat in Frysk bern sa hurd rûn! En dat op sa’n belangryk momint!
Krekt no! It publyk wurdt mâl! – Mei de earms omheech kom ik oer de wite streep en
jubelje.
De man yn de oranje jas komt nei ús ta. Hy wiist ús nei it parkearplak, achter it kafee.
Dêr stiet in hiele grutte tinte. It liket wol in sirkustinte. Dêr kinne jim jim ferklaaie.
Docht it famke mei? De kidsrun begjint om trije oere pas. Nee, pake skoddet de holle,
wy dogge net mei oan de wedstryd. Dochs bliuwt er stean om in praatsje te meitsjen.
Ha we dat oan tiid? As it moat kin ik hiel hurd. De manlju sjogge nei de loft. Pake krijt
de man by it skouder en seit: better snie as rein.
Dû bist frij as in bern
yn de grutte fakânsje fan it libben
frij bern op in glimmende fyts
yn in foarjierswyk
allinnich bûten
de paden iepen
glêd, hurd en swart
yn flugge linten om it doarp
en dan foarby de hûzen
dû bist los
in kealtsje út it hok
it is in blau ferlitten dei
sjonge mei
wyn mei
alles mei!
en astû by de brêge komst
beton dat oer kanalen, oseanen en
generaasjes hinne leit
bonken draaie en spieren pompe
dy omheech
pûstend en blazend
oer it wetter swevende flakte
sjoch hoe’t de wolken skommelje
de grûn wol dy werom!
hast oan de top stiest suver stil
bist even op,
ien mei de loft,
it kin mar krekt,
dan troch, omleech
sûnder traapjen
hurry, hurry, troch de skaden
dêr’t it koel is
ûnder de beammen
dyn hier in flagge wapperjend
dyn wangen parasjuten klapperjend
omleech, de djipte yn
sa fluch
sa licht
amper tiid om te betinken
hoe frij ast bist
Wie it mar wer sa as froeger
bromt ien op it terras
tsjin syn maat
krekt as ik de bus útstap
heal leech klinke de glêzen
de middei is hast foarby
in flaach fan in petear
giet ien ear yn
en bliuwt dan stykjen
as in nuddel yn
in kras op in elpee
wie it mar wer sa as froeger
ik sjoch mysels
yn de bus
werom nei Serhústerfean
de sjauffeur ken ik net
mar dochs is hy deselde as
yn alle oare bussen
en op de radio
draait in klassike hit
dy’t my tagelyk
yn de tiid reizgje lit
juster sprekt
in frjemde taal tenei
net langer binne wurden fan gelok
streekrjocht oer te setten nei moarn
sels as ik utstap yn de Wâlden
en de melodyen fan it Frysk sjonge om my hinne
kin ik de Wâlden o sa misse
Stevie Smith skreau:
“In my dreams I am always saying goodbye and
riding away”
Wat in dream
om kwyt te wêzen!
Farwol te sizzen en
fierder te reizgjen
Nije wegen fine
foardat se ferdwine.
It paad troch de lannen
Krekt wekker
it asfalt sljochtet rjocht
en kâld in paad
troch de lannen
nei skoalle ta.
De moanne noch yn de loft
de sliep noch yn de eagen
fyts ik mei har op.
We prate wolkjes.
Trije hannen op myn stjoer
nijboubeammen ferstopje
de slimste wyn.
Ik freegje bleu:
‘Wat fynsto fan leafde?’
Sy glimket grutsk:
‘Saterje ha ’k der trije op ’e bek hân.’
De weg door de velden
Net wakker
het asfalt effent recht
en koud een pad
door de velden
naar school.
De maan nog in de lucht
de slaap nog in mijn ogen
fiets ik met haar op.
Drie handen op mijn stuur
nieuwbouwbomen verstoppen
de ergste wind.
Ik vraag bleu:
‘Wat vind jij van de liefde?‘
Ze glimlacht trots:
‘Zaterdag heb ik er drie op mijn bek gehad.’