Der wienen in man en in frou, dy wienen mei elkoar troud. Mar de frou
gong mei oare manlju. En de man reizge wol nei oare froulju ta. Mar doe
akkoarten se, dat soe dien wêze. Sy joegen elkoar de hân der op.
‘Hoe faek hastu mei in oare frou fuort west?’ frege se.
‘In kear of fiif. En dû?’
Sy sei: ‘Ik ha elke kear in griene eart yn ’t trompke dien as ik mei in oare
man fuort wie.’
Der leinen mar in pear earten yn ’t trompke.
Hy sei: ‘Dat faIt my ta, gelokkich.’
Mar doe sei se: ‘Ja, mar wy ha der ek al in kear fan iten yn ‘e hongerwinter.’