Withoefolle freonen en kunde binne fuort nei in freeslik doel ta. Jûn op jûn
tuffe de griene of grize militêre auto’s lâns. Se belje oan by elke doar en freegje oft der ek joaden wenje. Sa ja, dan moat de hiele famylje daliks mei, sa nee, dan gean se wer fierder. Gjinien kin him foar syn lot weiwine as er net skûlet. Se geane der ek faak mei listen bylâns en belje allinne dêr oan, dêr’t se fan witte dat se in grutte haal dwaan kinne. Kopjild wurdt der faak betelle, safolle de holle. It liket wol in slavejacht sa’t se dy yn earder tiden holden. Mar it is echt gjin mop, dêr is ’t fierstente dramatysk foar. Ik sjoch jûns yn ’t tsjuster faak dy rigen goede, ûnskuldige minsken rinnen, mei gûlende bern, hieltyd mar rinne, kommandearre troch in pear fan dy kearels, slein en pinige oant se der hast by del falle. Gjinien wurdt mijd, âlden fan dagen, bern, lytse poppen, froulju yn ferwachting, siken, alles, alles giet mei yn ’e tocht nei de dea.
Wat ha we ’t hjir goed, wat goed en en rêstich. We hoegden ús fan al dy ellinde neat oan te lûken, as we ús mar net sa bang makken om elkenien dy’t wy sa tagedien wiene en dy’t we net mear helpe kinne.