Lit ús in hûs fan stilte bouwe
Mei mourren fan leafde
En in dak fan frede
Mei keamers fol bliidskip
En in tún,

In tún,
Mei wat ljocht
En wat skaad
Mei wat sjongende fûgels
En in slûgjende kat op it paad

Lit ús in hûs fan leafde bouwe
Mei muorren fan begryp
En in dak fan fertrouwen
En in hiem om te sintsjen
En keamers,

Keamers
Om yn te ferdwinen
Elkoarren te sykjen
Elkoarren te finen

Litte we in hûs fan stilte bouwe

Huis van stilte

Laten we een huis van stilte bouwen
Met muren van liefde
En een dak van vrede
Met kamers vol blijdschap
En een tuin,

Een tuin

Met wat licht
En wat schaduw
Met zingende vogels
En een slapende kat op het pad

Laat ons een huis van liefde bouwen
Met muren van begrip
En een dak van vertrouwen
En een erf waar we kunnen zonnen
En kamers,

Kamers
Om in te verdwijnen
Om elkaar in te zoeken
Om elkaar te vinden

Laten we een huis van stilte bouwen

Har houlik, ’n skip dat op ’e helling lei,
de boaiem heal ferruske en fergongen
mar, yn de meny setten en ferfongen
like it no as wie it krekt wer nij.
Sa koe de wyn wer troch de touwen sjonge,
it boat as eartiids driuwe op eb en tij
en út en troch wer falle yn it lij
mar gauris wie it hiele swurk beronge.
De simmer gyng en aanst waard it wer hjerst
hoe soe de boel him hâlde, ek yn dizzen
de reis hie suver net ûnaardich west.
dus kaam it spul wer foar de wâl te lizzen
ôftúgd en wol, it bylke nammers bêst
mar fierder bleau der neat en neat te sizzen.