Arachne spûn de fluezen
dy’t har heit kleure hie
ta lange, reachfine triedden.
Dy triedden weefde se ta lapen.
Har weefsels wiene sêft as in kninesturtsje.
Wurke har heit yn ’t djipste geheim,
Arachne die dat krektoarsom
mei de doarren fan har wurkpleats wiid iepen.
Elk koe it paad nei it hûs fan Arachne.
Froufolk wie dêr oates en toates.
Jongfammen, mar ek likegoed
wetternimfen mei blau hier,
ûnsjogge bosknimfen mei hurde hûd
en berchnimfen mei tunykjes fan druveblêden.
Minsken fan bûten it doarp
tochten faak dat der in feest
holden waard by dat houten húske
ûnder oan de wynberch.
Mar dan wie Arachne oan it wurk, oars net.
Dat die se lykwols mei in graasje…
Hoe’t se mei har flugge fingers
de wol ta in tried draaide…
Of hoe handich as se de tried
ta in kleaune wûn…
De ein wie derfan wei.
Koest sjen hoefolle plezier
it wurk har joech.
Faak fochten nimfen om it foarrjocht
de string foar har op te hâlden.
Minlik keas Arachne har help.
Alle kearen in oar, dêr soarge se foar.
Want nimfen kinne gemien fjochtsje.
As Arachne in sit efter har weefstoel naam
puolle it publyk út de wurkpleats wei.
In wollen kleed fan Arachne wie net samar in kleed.
It wie in aventoer.
In ûnderfining.
In ûntdekkingsreis.
Koest ferdwale tusken kleuren.
It like oft Arachne tûzenen tinten brûkte,
sa handich weefde se de kleuren trochinoar.
‘Hoe dochst it dochs?’ woe it publyk witte.
Arachne spon de schapenvachten
die haar vader had gekleurd
tot lange, ragfijne draden.
Die draden weefde ze tot lappen,
zacht als een konijnenstaartje.
Werkte haar vader in het diepste geheim,
Arachne deed het tegenovergestelde,
met de deuren van haar werkplaats wijd open.
Ieder kende de weg naar het huis van Arachne.
Het vrouwvolk liep er in en uit.
Jongedames uit het dorp, maar even gemakkelijk
waternimfen met blauwe haren,
lelijke bosnimfen met harde huid
en bergnimfen met tuniekjes van druivenbladeren.
Mensen van buiten het dorp
dachten vaak dat er een feest
gaande was in dat houten huisje
onder aan de wijnberg.
Maar dan was Arachne alleen maar aan het werk.
Dat deed ze echter met een gratie…
Hoe zij met haar vlugge vingers
de wol tot een draad draaide…
Of hoe handig zij die draad tot
een kluwen wond…
Onbeschrijflijk!
Het was overduidelijk hoeveel
plezier het werk Arachne schonk.
Vaak vochten nimfen om het voorrecht
de streng voor haar op te mogen houden.
Minzaam koos Arachne haar hulpje.
Elke keer een ander, daar zorgde ze voor.
Want nimfen kunnen gemeen vechten.
Wanneer Arachne achter haar weefstoel plaatsnam
puilde het publiek de werkplaats uit.
Een wollen kleed van Arachne was niet zomaar een kleed.
Het was een avontuur.
Een ervaring.
Een ontdekkingsreis.
Je kon verdwalen tussen kleuren.
Het leek of Arachne duizenden tinten gebruikte,
zo handig weefde ze de kleuren door elkaar.
‘Hoe doe je dat toch?’ vroeg het publiek.