Leave Marrit,
Wat in nuvere wike. Tiisdei ha ik middeis it kolleezje foar de Skriuwersfakskoalle taret. It tema: ritmysk skriuwen, mei as foarbyld in gedicht fan Hindirk Hannema. In oerke letter mailde ien dat Hindirk dea is. Hy wie noch mar 33 jier. Ik woe it net leauwe, tocht oan in nije, rare stunt fan ús leave kollega-dichter. Dêr soe ik minder fan opsjen. Woansdeis de hiele dei mei berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen workshopt op in basisskoalle yn De Gerdyk. Yn it middeisskoft kuieren we troch it doarp. De wyn helle oan, it stie op reinen. Jûns yn Ljouwert nei in spontaan organisearre byienkomst west, yn de Kleine Bagijn. Stilte en triennen en fragen. Wannear hie ik him foar it lêst sjoen? Mei KUO yn de auto rieden we freed nei de begraffenistsjinst yn Bakhuzen. Iten en drinken mei, strakblauwe loft, it like as gongen we in dei nei it strân. De Sint Odulfustsjerke siet hielendal fol. In see fan wylde blommen by it alter. Nei de tsjinst sloech it waar om, de himel kearde him binnenstbûten. Sigrid Kingma hie in stipkesparaplu. Guon stieken ûnder de beammen in sigaret op. En doe wist ik wannear’t ik Hindirk foar it lêst seach. It wie yn de Westertsjerke, op 30 jannewaris. De jûn dat’sto beneamd waardst ta nije stedsdichter fan Ljouwert. Apart no? Gabrielle Terpstra en ik presintearren, ien rôp wat út it publyk. It wie Hindirk. Ik reagearre heal. Wat hy sei, wat ik sei, dat wit ik net mear, behalve dat it – excusez le mot – deasloech. Nei de seremoanje ha ik net mear mei him praat, miskien eachkontakt, in knikje, dy glimk fan him, wa wit. Hy woe de lêste tiid gjinien mear sjen. Syn bondel leit op tafel njonken my, ik doar him net op te romjen. Ik hoopje, Marrit, de oare kear in happy brief. Yn alle gefallen, wat der ek bart, lit ús kontakt hâlde.
Mei waarme groet,
Arjan