der moat earne in boarstebegraafplak wêze
in lêste rêstplak foar ús memmen
susters en froulju harren ôfsnijde
teesekje 75c of dûbel d

in plak dêr’t se hinne kinne
at se lêst ha fan fantoompine
of genietsje fan fantoomgenot

en wy soannen broers en heiten stilstean kinne
net by it ferlies fan libben
mar fan in hap libben

in oarde dêr’t de boarsten wachtsje
op it wersjen mei de lea
dêr’t se by hearden

netsjes beferzen
balseme
of yn in minuskule urne

der moat earne in begraafplak wêze
foar de grutskens fan ús froulju


BEDEVAART
er moet ergens een borstenbegraafplaats zijn
een laatste rustplaats voor onze moeders
zusters en vrouwen hun afgesneden
theezakje c75 of dubbel d

een plek waar ze heen kunnen
als ze last hebben van fantoompijn
of genieten van fantoomgenot

en wij zonen broers en vaders kunnen stilstaan
niet bij het verlies van leven
maar van een hap leven

een oord waar de borsten wachten
op hereniging met de lichaamsdelen
waar ze bij hoorden

netjes bevroren
gebalsemd
of in een minuscule urn

er moet ergens een begraafplaats zijn
voor de trots van onze vrouwen

een eindpunt
voor een bedevaart van melk
lust en verdriet

Dizze frou hat dy droegen, dy berne, dy oan it boarst hân. Dyn ruften hat sy
wosken, oan de line hongen en strutsen yn ’e kast lein. Dizze frou hat dy
opwachte ast út skoalle wei kaamst, iten foar dy makke en dy op bêd brocht
mei in ferhaaltsje.
In plak rauwe koalraap lei sy foar dy klear, foar ast tusken de middei thús
kaamst, omdatst dat sa lekker fûnst. Se hat bûljon makke op it petroaljestel dat op it graniten oanrjocht stie en keek bakt yn ’e wûnderpanne. Dy skikte se de skaal ta mei it swiete mingsel fan bûter, sûker, moal en aaien om út te slikjen. Alle freden makke dizze frou skylfisk ta, alle sneonen brune beannen mei spek en augurkjes en alle sneinen sette sy hin, patat en appelsmots op tafel. Alle dagen hat se dy in board sûpenmoallen- of rizenbrij jûn en by’t winter in lepfol levertraan. Dizze frou hat in panne ûnder it knyn set dat yn de kelder hong, om it bloed op te fangen, yn septimber makke sy smots fan de appels fan de beam yn ’e tún by it achterhûs en bewarre dy yn ’e kelder dêr’t lange rigen wekflessen stienen op planken, bedutsen mei kastpapier.
Dizze frou hat de sinken tobbe yn it gers set en dy fol dien mei wetter, in pear amers mei kâld en ien mei waarm wetter. It swiere reade kleed mei de rânen fan tou en de nestelringen deryn, oait brûkt om de lading fan in skip ôf te dekken, hat sy oer it linnenrak hongen en se hat dy tee brocht, foar dyn
porsleinen berneservys. Dizze frou hat dy Ljouwert sjen litten, klean mei dy
kocht en dy traktearre op sinas en gebak, op de boppeferdjipping fan Vroom & Dreesman. Dizze frou hat dy streake en tute en dy ûnder de fuotten kidele, oant’st rôpst: ‘ophâlde, please.’
Tegearre mei har hast de tekkens útkloppe oant de earms dy der sear fan
dienen en der gjin wolkens stof mear út kamen. En omdatsto altiten wol in
ekskús betochtst – nei it húske of húswurk meitsje – die dizze frou de ôfwask allinne. Sokken hat sy foar dy breide, jurken foar dy naaid en petiterich lytse pyama’s foar dyn bear. Sy hat dy it stek opsetten bybrocht en dy alle jûnen tsien toeren breidzje litten op it ritme fan ‘insteken, omslaan, doorhalen, af laten gaan’.
Dizze frou hat dy warskôge as it stoarme op Sinte-Marten en dy treastge
doe’tst mei de ferbaarnde lampion oan it stokje troch it tsjuster de dyk del
rûnst. Dizze frou hat it snobbersguod yn in grutte blikken trom dien en sein
datst dêr alle dagen wat fan nimme mochtst en doe’t de trom nei twa dagen al leech wie, hat sy der neat fan sein. Alle jierren hat dizze frou de krystbeam
fersierd en de kearskes, echte kearskes, oanstutsen. En wiest net iens jierdei doe’t sy fan de Skoattermerke in plestik boartersding foar dy meinaam, mar ien kear yn it jier stie sy by dyn bêd, it taffelskleed om ’e skouders, in teemûtse op ’e holle en rattele sy mei de leppels op in omkearde panne omdatst der wer in jier by krigen hiest. In biddelketting mei trije biddeltsjes hie sy dy jûn, yn ’e midden in hert mei dêrop in anker en in krús en dy te witten dien dat it leauwe, de hoop en de leafde it wichtichste binne yn in minskelibben.
Dizze frou hat dyn rapporten besjoen, hjir in puntsje mear, dêr in puntsje
minder en dy in gûne jûn. De foto wêrop’tsto, it hier yn twa sturten, de pony in bytsje skeef knipt, de earms oer elkoar, parmantich yn de lins fan de
skoallefotograaf sjochst, hat sy in sulveren list omhinne dien.
Dizze frou hat op de gong fan in sikehûs wachte oant de dokter nei bûten
komme soe en tocht: ‘As ik har mar hâlde mei.’ Se hat dy holden: dizze frou hat dy grutbrocht.

Withoefolle freonen en kunde binne fuort nei in freeslik doel ta. Jûn op jûn
tuffe de griene of grize militêre auto’s lâns. Se belje oan by elke doar en freegje oft der ek joaden wenje. Sa ja, dan moat de hiele famylje daliks mei, sa nee, dan gean se wer fierder. Gjinien kin him foar syn lot weiwine as er net skûlet. Se geane der ek faak mei listen bylâns en belje allinne dêr oan, dêr’t se fan witte dat se in grutte haal dwaan kinne. Kopjild wurdt der faak betelle, safolle de holle. It liket wol in slavejacht sa’t se dy yn earder tiden holden. Mar it is echt gjin mop, dêr is ’t fierstente dramatysk foar. Ik sjoch jûns yn ’t tsjuster faak dy rigen goede, ûnskuldige minsken rinnen, mei gûlende bern, hieltyd mar rinne, kommandearre troch in pear fan dy kearels, slein en pinige oant se der hast by del falle. Gjinien wurdt mijd, âlden fan dagen, bern, lytse poppen, froulju yn ferwachting, siken, alles, alles giet mei yn ’e tocht nei de dea.
Wat ha we ’t hjir goed, wat goed en en rêstich. We hoegden ús fan al dy ellinde neat oan te lûken, as we ús mar net sa bang makken om elkenien dy’t wy sa tagedien wiene en dy’t we net mear helpe kinne.

Joust de bern bûs- en letter ek kleanjild neffens de rjochtlinen fan it NIBUD,
wolle se mear, dan moatte se mar in bybaantsje sykje. Se wolle mear: Der komt
in tillevyzje op ’e sliepkeamer sadat der trije tastellen yn ’e hûs stean en elk syn
eigen programma kieze kin, de earste mobile tillefoan wurdt oanskaft, in
eksimplaar dat letter kuolkast neamd wurde sil, it hier wurdt read ferve en yn
de famkes har kasten en op ’e flier slingerje wol fjirtich spetterjende moadieuze
shirtsjes dy’t de nâle bleat litte en wêrfan’t mei soarch ien útsocht wurdt as se
nei de disko sille dêr’t nachts nei ienen de Wet T-shirt Party begjint der’t âlde
frijgesellen, skieden manlju en asylsykjende jongeren mei longerjende eagen
tasjogge hoe’t famkes fan fjirtjin, fyftjin, sechtjin jier op ’e dûnsflier stean te
swingen.
‘Om twa oere thús? Do bist alderwetsk, al myn freondintsjes meie sels witte
hoe let as sy thús komme.’ En sa komt it dat dyn famke har kreas om twa oere
nachts by dyn bêd meldet, ‘ik bin der, hear, sliep lekker’ om dan de bear ûnder
de tekkens te lizzen en wer ôf te setten. En Welmoed seit dat se in nacht by
Sanne sliept, Sanne seit dat se by Josje sliept en Josje makket har mem wiis dat
se by Welmoed útfanhûzet. Op har keammerke lit se in mapke foto’s slingerje
wêrop’t te sjen is dat it trijespan, de sliepsekken en in flesse Pisang Ambon mei,
de nacht yn ’e fûgelkykhutte yn de Deelen trochbrocht hat. ‘In spiker moat ek in
kop ha’, soe Hindrik sizze en mei dat biedwurd yn ’e holle swijst oer har stikeme
aventoeren. Bern noch, klaait dyn famke in dei letter thús de kat oan en laket se
har slop as dy mei rare sprongen troch de keamer springt yn in besykjen om de
klean út te krijen.