ik ha presys dien
wat der fan my ferwachte waard
ik ha alle peallen folge
fan it grutte kabouterbosk
oant safier it bebane stik
dat haw ik mar knap klearspile
ree foar it echte wurk
de bosk leit foar my iepen
no sjoch ik gjin pealtsjes mear
ik mei it sels betinke
ynienen fielt it benearjend
wêr wol ik einliks hinne?

ik stean op in punt
wêrop’t ik elke kant noch út kin
mar troch alle beammen
kin ik amper noch de bosk sjen