It moast no wêze – ik bin sa âld –
Dat ik it wêzen fan ‘e dingen iepen lizze koe;
Dat ik út ‘e bylden wei – sa as hja dat sizze –
Komd wie ta de djipste krêft.
Mar, o wat ik fiel is net as de boarstrige skors
En it sêfte moas fan ‘e stammen;
Wat ik rûk is net as de rauwe rook fan it gers;
Wat ik sjoch is it bûthúsfinsterke
Troch it earste grien fan ‘e flearebeam;
De rûning fan ‘e poôle,
En de arbeider dy’t troch de fuorgen trapet;
By de bou-ikkers lâns;
En it sêfte gerimpel fan it wetter.
Soms ek sjoch ik de fâlden op it gesicht fan it âld minske
Dêr’t de jierren yn fêstlein binnen, foarby mar net fergûn,
Libben yn it goede ljocht;
Of it antlit fan de jonkheid, dy’t wachtet,
Blank en iepen,
Mei de sinnen, dy’t alles nimme sille.
Dichters zijn zieners?
Nu moest ik toch – ik ben zo oud –
Het wezen van de dingen kunnen openbaren;
Nu moest ik uit de beelden vandaan – zoals ze zeggen –
Gekomen zijn tot mijn diepste kracht.
Maar o wat ik voel is niets dan de gebarsten schors
En het zachte mos van de stammen;
Wat ik ruik is niets dan de rauwe geur van het gras;
Wat ik zie is het stalvenstertje
Door het eerste groen van de vlierboom;
De ronding van het erf,
En de arbeider die door de greppels voortstapt
Langs de bouwakkers;
En de zachte rimpeling van het water.
Soms ook zie ik de lijnen op het gezicht van de oude vrouw
waar de jaren in zijn vastgelegd, voorbij maar niet vergaan,
Leven in een goed licht;
Of het gelaat van de jeugd, die wacht,
Blank en open,
met de zinnen, die alles zullen nemen.